Taalpriis 2023 foar Franeker Woardeboek

Wim Aalbers, winner fan de Taalpriis Waadhoeke 2023

Wim Aalbers, skriver fan ut Franeker Woardeboek, het de earste Taalpriis Waadhoeke kregen. In un folle biblioteek fan Franeker kreeg Aalbers dînsdâg, tidens un feesteluke Dâg fan de Mimmetaal, de onderskeiding út hânen fan wethouwer Jan Dijkstra.

Gemeente Waadhoeke houde op 21 febrewary – de internasjoanale moeketaaldâg – foar ut eerst un Taaldâg, om de meertalughyd fan de gemeente te fieren. Waadhoeke het fier ‘eigen’ talen, met naast ut Nederlâns ok ut Frysk, Bildts en Franekers. De avend wurde opfleurd met un meartaluge pubkwis fan Douwe Gerlof Heeringa, met fragen over aparte woarden út de ferskillende talen en goeie taalfoarbeelden in de gemeente.

Taalpriis

Foar de earste Taalpriis Waadhoeke waren dry saken nomineard. Naast ut Franeker Woardeboek waren dat ut Groat Franeker Diktee, en de Trinus Riemersma-dâg, dy’t ein òktober deur de Academie van Franeker houden wurdde. De sjuery bestôn út Sannah Debreczeni (Provinsje Fryslân), Jitske de Hoop (Omrop Fryslân) en Gerard de Jong (meertalighydskoördinatòr en òrganisatòr fan de taledâg).

Franeker Woardeboek

Ut Franeker Woardeboek is ut levenswerk fan Wim Aalbers. Hij het su’n seven jaar an ut standaardwerk arbeiden, dat ein 2021 presinteard wurdde. De sjuery was, su sei Jitske de Hoop, behoarluk onder de indruk fan de selfbenoemde ‘duvelstoejager, drammer en driver’. De Hoop: “Aalbers hat dêr jierrenlang alle dagen mei dwaande west. En dat kinst ek sjen, want it is in boek wurden fan 11 sintimeter dik, 1560 pagina’s en 17.000 lemma’s. It wie in monnikewurk, mar in in enoarme prestaasje. Frjentsjerters kinne no yn harren eigen taal skriuwe. It wurdboek is it fûnemint fan in taal. Ut Franeker Woardeboek kin ek as basis brûkt wurde foar oare stedstalen. Lit it in ynspiraasje wêze foar oaren!”

De Jong en ok wethouwer Jan Dijkstra prezen de enòrme taalenerzjy dy’t der in Waadhoeke is. Dijkstra: “Want wat bard der in soad oan taalaktiviteiten in Waadhoeke. De gemeente docht der in soad oan. Mei de meertaligheidskoördinator dy’t in ut spier is foar ús taalferskaat, mei ús taalbelied – útnûgjend, fertroud en sichtber. Mar jimme, de minsken, drage en lûke ús moaie talen, jimme brûke en stimuleare it, eltse dei wer. Dat is de wurklike taalpromoasje.”

‘Meartalug boek’

It kûnstwerk dat ferbônen is an de Taalpriis is maakt deur kûnstenaar Paulien Ploeger fan de Ouwe-Dyk. Sij het un òbjekt in boekfòrm maakt wêr’t woarden út alle fier talen op te sien binne. “Waadhoeke staat krekt an ’t begin fan ’t meertalige boek, der’t wij metnander elke dâg feerder an skrive,’ sei Gerard de Jong.

Naast de feestluke avend is der deur tekenaaer Piet Voordes un fleurige cartoon maakt. Jan Snorreman gaat op reis deur Waadhoeke en komt dêr allegaar meensen én talen teugen. Kynders kinne as priisfraag de cartoon ôfmake en tòt en met 11 maart inlevere bij de biblioteken in Waadhoeke. De pubkwis wurdde wonnen deur un kwartet Bildtkers: sij kregen, fansels, ut Franeker Woardeboek kado.

Genoat Hylke Beerstra maakte fan de avond wear un moaie fideomontaazje. Werfoar hartluk dank!